Baas fan de CIA bytsje Frysk

30 jun 2011 - 21:16
  • Frjentsjerter neiteam wurdt baas CIA

De soan fan de âld-Frjentsjerter seekaptein Sixtus Petraeus wurdt sjef fan de Amerikaanske ynljochtingentsjinst CIA. Dat meldt de NOS. President Barack Obama hat him yn april foardroegen foar dy post. Tongersdei is de senaat akkoart gien. David Petraeus (58) begjint yn septimber oan syn nije baan.

Syn heit Sixtus waard berne yn Frjentsjer. Oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch is hy nei Amearika gongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)