Ynhâld Fryske les sels bepale

30 jun 2011 - 20:41

De ynhâld fan it skoalfak Frysk kin aanst sels bepaald wurde troch de provinsje en de ûnderwiiskoepels yn Fryslân. It kabinet hat dat skreaun yn in brief oan de Twadde Keamer. Oant no ta waard yn Den Haach bepaald wat wichtich wie om te learen.

Deputearre Jannewietske de Vries is bliid mei de stap dy't no naam is. Se wol sa gau as mooglik mei de Fryske ûnderwiiskoepels om tafel om te bepalen wat de kearndoelen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)