Schenk foarsitter LTO Noard
Siem Jan Schenk wurdt nei alle gedachten de nije foarsitter fan LTO Noard. Hy is troch it algemien bestjoer as kandidaat-foarsitter foardroegen. It bestjoer wie unanym yn de beneaming. Schenk wie jierrenlang foarsitter fan de fakgroep melkfeehâlderij. Hy is entûsjast oer de foardracht. Hy sjocht it as in hiele grutte útdaging.
Op 18 augustus wurdt bekend oft Schenk troch de LTO-leden keazen wurdt as foarsitter.