Steuring MRI-scanners yn MCL
Sikehûs MCL yn Ljouwert hat grutte problemen mei de MRI-scanners. Troch in kompjûtersteuring kinne bylden fan de scanners net fuortendaliks besjoen wurde.
Pasjinten moatte fanwege de steuring langer wachtsje op de útslach fan ûndersiken. Guon moatte sels útwike nei oare sikehuzen.