Oanslach op mûzebiters

30 jun 2011 - 14:11
  • Foto's: Omrop Fryslân

By Jirnsum hat him wer in gefal fan rôffûgelferfolging foardien. Dêrby is in mûzebiterjong deagien. De pyk siet yn in nêst yn 'e beam oan de Abbingawiersterdyk dy't heal omseage op in oare beam foel. It miljeuteam fan plysje giet út fan rôffûgelferfolging. Yn it gebiet komt dat faker foar.

It is dit jier al it 105e gefal fan rôffûgelferfolging yn Fryslân. De dieders binne faak minsken dy't tinke dat se dêrmei de greidefûgels helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)