Hese net akkoart mei Willem II

Leon Hese (foto: Dirk Jan Haarsma, Omrop Fryslân)
Leon Hese en Willem II hawwe gjin oerienstimming berikt oer in kontrakt. Hese mei transferfrij fuort by SC Cambuur fanwege syn hege salaris. Willem II hat de ferdediger wol in oanbieding dien, mar dan moat Hese in protte ynleverje yn fergeliking mei wat er by Cambuur fertsjinnet.
Hese: 'Willem II heeft dit weekend nog om een betere aanbieding te doen. Maar ik hoorde dat ze ook al met een andere speler bezig zijn. Ik ga er dus van uit dat ik gewoon bij Cambuur blijf.'