Saak Ooms: dochs PB-sintrum

30 jun 2011 - 11:52
  • Marinus Ooms

De 25-jierrige haadfertochte yn de saak Ooms wol dochs meiwurkje oan in ûndersyk yn it Pieter Baansintrum. Dat waard tongersdei dúdlik op de twadde sittingsdei fan it heger berop.

It hôf wol dat gedrachssaakkundigen de fertochte ûndersykje. Earder woe er dêr net oan meiwurkje, mar no wol. Hy wol dat sa dúdlik wurdt dat er net in moardner is, sei er op de sitting. It ûndersyk betsjut dat de saak noch langer duorret. Ooms waard yn 2006 yn syn eigen hûs yn Haulerwyk deastutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)