Frou mishannele yn Hurdegaryp

30 jun 2011 - 11:38

In man (44) út Ljouwert is woansdeitemiddei oanhâlden omdat er in frou (33) út Hurdegaryp mishannele hie. Sy woe de man net yn har hûs oan de Bodaanstrjitte yn Hurdegaryp hawwe. Mar hy gie der wol yn, mishannele de frou en naaide dêrnei út.

It slachtoffer belle de plysje. Dy sette in boargernetaksje op. Ien fan 'e dielnimmers seach de auto fan de fertochte en belle de plysje. Dy hat de man oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)