Djoere sportklean stellen

30 jun 2011 - 11:06

Op De Jouwer binne in Ljouwerter en twa Roemenen oanhâlden foar stellerij fan sportklean. In foarbygonger hie sjoen dat ien fan harren in tas yn de boskjes smiet. De plysje fûn dy tas mei fiif djoere sportbroeken deryn. De priiskaartsjes sieten der noch oan.

Flak nei de fynst binne de trije fertochten oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo. Yn de auto lei in tas dy't geskikt makke wie om stellen guod yn te dwaan. Dêr siet ek stellen guod yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)