Aris hellet Hof en Lietmeijer

30 jun 2011 - 09:36

Aris hat foar takom seizoen Mark Peter Hof en Valentijn Lietmeijer fêstlein. Beide jonge spilers komme oer fan Grins. Se mochten meidwaan oan in yndividuele workout en dêrby hawwe se de nije coach Erik Braal oertsjûge fan harren kwaliteiten.

De 21-jierrige Hof is in powerforward en makke ferline jier diel út fan de earste seleksje fan Grins. Lietmeijer is 20 jier, is shooting guard en komt út de jeugd fan Grins. Beide spilers tekenje foar ien seizoen yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)