Galama wint ljeppen De Jouwer

Ysbrand Galama (argyffoto Martin de Jong)
Fierljepper Ysbrand Galama hat woansdeitejûn de ljepperij op De Jouwer wûn. Mei in sprong fan 19.58 bleau er Thewis Hobma (19.14) en Hannes Scherjon (19.01) foar. Bart Helmholt ûntbruts yn de finale. Hy wist yn syn earste trije sprongen gjin inkelde ôfstân del te setten.
By de junioaren sprong Age Hulder mei 19.06 in prachtich nij skânsrekôr. De oerwinning by de froulju gie nei Anna Jet Leyenaar (14.90). Sytse Bokma wûn mei 16.41 by de jonges.