Kanjer socht foar SWF

Nije boargemaster moat lef, moed en kreativiteit ha
In kanjer, dat moat de nije boargemaster fan Súdwest-Fryslân wêze. Dat seit kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma. Woansdeitejûn hat de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân de nije profylskets presintearre. Dêryn stiet ûnder oare dat de nije boargemaster in soad lef, moed en kreativiteit hawwe moat. Fierders fynt de gemeente dat der in persoan komme moat dy't de Fryske taal kin of yn alle gefallen leare wol.