Kramers yn byld as korpsbaas

Korpssjef fan Fryslân Nathalie Kramers
Korpssjef Nathalie Kramers fan de Plysje Fryslân is yn byld om lieding te jaan oan it nije noardlike plysjekorps. Boargemaster Crone fan Ljouwert en de boargemasters fan Grins en Assen ha hjoed yn Den Haach oerlis hân mei de minister oer de kandidaten foar de funksje. Der is noch gjin beslút fallen. Kramers is no korpssjef fan de Plysje Fryslân.
Martin Sitalsing wurdt ek as wichtige kandidaat neamd. Hy wurket no yn Twente, mar earder yn Grinslân.