Jubileum foar Gurbe Douwstra

29 jun 2011 - 18:55

Gurbe Douwstra hat woansdeitejûn de 750e útstjoering makke fan it muzykprogramma Radio Froskepôle. Yn de studio waard dat fierd mei in optreden fan de Fjouwer Trûbadoers: Piter Wilkens, Doede Veeman, Jaap Louwes en Gurbe sels. Ut hannen fan boargemaster Bert Middel fan Smellingerlân krige Douwstra in koer mei Fryske produkten.

Fan haadredakteur Jan van Friesland fan de Omrop krige Gurbe de Froskepôle Award. Dy is spesjaal foar de gelegenheid yn it libben roppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)