Gjin djoere stúdzje Frysk

Frysk as twadde stúdzje net djoerder
Studinten dy't as twadde stúdzje Frysk dogge, hoege gjin ekstra jild te beteljen. Dat lit de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert witte. Foar in twadde stúdzje moat gau fiiftûzen euro mear kolleezjejild betelle wurde as by de earste oplieding.
In lyts tal studinten folget de oplieding Frysk. De NHL is benaud dat der gjin studinten mear oerbliuwe as de oplieding tefolle kostet. Foar Frysk wurdt dêrom in útsûndering makke.