Nije topstik yn Hannemahûs

Museum it Hannemahûs yn Harns hat in nij topstik. It is in byldsje fan 230 jier âld. It ierdewurken wyfke is om 1780 hinne beskildere troch tegel- en ierdewurkskilder Jan Eelkes Kroonenburg.
It byldsje stie by in keunsthannel yn Londen. De Ottema-Kingma Stichting hat jild jûn om it te keapjen. Foar safier bekend bestiet der mar ien ferlykber byldsje. Dat is yn hannen fan in museum yn Oxford. It Hannemahûs hat al mear wurk fan Jan Eelkes Kroonenburg.