Feanspilers wer ferhierd

29 jun 2011 - 15:06

SC Hearrenfean hat opnij keeper Harm Zeinstra (21) en de ferdedigers Johnny de Vries (21) en Bart de Groot (21) foar in seizoen ferhierd oan FC Emmen. Bart de Groot tekene boppedat in nij kontrakt foar in jier by de Feansters, mei in opsje foar noch in jier. Zeinstra en De Vries hawwe noch in trochrinnend kontrakt fan in jier.

Technysk direkteur Johan Hansma: "Voor de ontwikkeling van deze spelers is het goed dat ze bij Emmen kunnen spelen."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)