Wol spinne foar Nova Zembla

29 jun 2011 - 14:41

Yn Aldeberkeap binne se oan it wol spinnen foar de nije Nederlânske film Nova Zembla. De film giet oer Willem Barentsz en syn manlju dy't oerwinterje op Nova Zembla. It Fryske topmodel Doutzen Kroes hat ien fan de haadrollen.

De film spilet him ôf yn de 16e ieu. De materialen en de klean yn 'e film moatte der ek fan dy tiid útsjen. Yn Aldeberkeap ferwurkje se skieppeflues ta jern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)