Diskusje kultuernota giet oer

29 jun 2011 - 12:25

De diskusjejûn foar ynwenners fan Littenseradiel oer de nije kultuernota giet net troch. Der hawwe harren mar in pear minsken opjûn om mei te praten oer de ûnderwerpen. De diskusje soe woansdeitejûn wêze.

De gemeente fynt it spitich dat der gjin animo is. Besjoen wurdt hoe't de ynwenners no dochs noch by de opstelling fan de kultuernota belutsen wurde kinne. Yn dy nota giet it ûnder oare om muzyk, dûns, teater en skiednis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)