Mei 180 oer de A7

29 jun 2011 - 11:01
  • Foto: Omrop Fryslân

Op de A7 by It Hearrenfean is woansdeitemoarn betiid in 48-jierrige autobestjoerder út Veendam fan de dyk helle. De man ried mei 180 kilometer yn 'e oere oer de autodyk, wylst 120 dêr it maksimum is. De plysje naam syn rydbewiis yn en makke proses-ferbaal tsjin him op.

Tusken Sumar en Feanwâlden rieden tiisdei 168 automobilisten hurder as 80. De rapste die 113 km yn 'e oere. De plysje kontrolearre dêr mei-inoar 5000 auto's en frachtauto's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)