Gerjochtshôf hat wetteroerlêst

29 jun 2011 - 10:40
  • It gerjochtshôf yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat ek wetteroerlêst nei de swiere buien fan tiisdeitejûn. Yn 'e gong by de sellen dêr't de fertochten sitte dy't foarkomme moatte, stiet wetter.

De fertochten moatte troch it wetter as se nei de rjochtseal gean. Dat moatte ek de trije fertochten dy't foarkomme yn de saak-Ooms. Woansdei begjint de behanneling fan it heger berop yn dy saak. Marinus Ooms waard yn 2006 yn syn eigen hûs yn Haulerwyk deastutsen. Der binne trije fertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)