Offaloven wer oanset

De reststoffe-enerzjysintrale yn Harns (foto: Omrop Fryslân)
De ôffaloven yn Harns is nei de steuring fan tiisdeitemoarn wer oanset. De oven wie stillein fanwege in defekt oan in kuolwetterlieding. Dat wie yn it kondinsor-gebou dêr't stoom floeiber makke wurdt. Troch it maleur moast in soad stoom frijlitten wurde. Dat soarge foar lûdsoerlêst.
Der hat oant no ta trije kear in technyske steuring west yn de ôffaloven, seit eigner Omrin. Yn septimber leit de oven twa wike stil foar grut ûnderhâld.