Winkeldieven pakt yn Snits

29 jun 2011 - 10:19

Yn Snits binne tiisdei trije fertochten foar stellerij út winkels oppakt. Se waarden sjoen doe't se út in supermerk oan it Normandiaplein toiletartikels meinamen. Al frij gau is in 35-jierrige frou oppakt. De oare twa dieven naaiden út yn in auto.

De plysje hâlde dêrnei in boargernetaksje. Dêrby krigen 1100 minsken in sms mei it kenteken fan de auto. Dy wein waard op de Singel sjoen. De plysje hat doe de twa manlju fan 24 en 28 jier oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)