Klokken liede nei ynslach

29 jun 2011 - 09:45

De klokken yn de toer fan Tsjom binne tiisdei spontaan begûn te lieden nei in wjerljochtynslach. De behearders doarsten der earst net hinne fanwege it needwaar. Letter hawwe se de stroom dy't de klokken oandriuwt, útskeakele.

De tsjerke hat in soad skea fan de ynslach. In part fan de stroomfoarsjenning fan de toer is defekt en ek de ferwaarming yn de tsjerke. Fierders binne de antenne en de stjoerapparatuer foar ynternet dy't yn de toer sit, ek stikken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)