Provinsje komt mei mediafûns

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân komt mei in mediafûns foar ynnovative tv- en multymedia produksjes dy't mei Fryslân en de Fryske taal en kultuer te meitsjen ha. Yn dat fûns sit 350.000 euro. Deputearre Jannewietske de Vries fan finânsjes makke dat woansdei bekend by de presintaasje fan it útfieringsprogramma fan de provinsje.
De provinsje wol mediabedriuwen sa stimulearje om programma's yn it Frysk te meitsjen. It fûns is bedoeld as oanfolling op lanlike mediafûnsen.