Finale doch it foar dyn doarp

28 jun 2011 - 16:58

Kommende sneon wurdt bekend hokker doarp de wedstriid 'Doch it foar dyn Doarp' wint. Trettjin doarpen hawwe har sjen litten yn it Omrop Fryslan tv-programma. De ynwenners diene der alles oan om it eigen doarp posityf foar it fuotljocht te bringen. Dizze wike is Wergea it lêste doarp dat live-televyzje meitsje mei.

Dêrmei komt it earste seizoen fan Doch it foar dyn Doarp oan de ein. It soarge foar ferbining tusken doarpen ûnderinoar en de regionale omrop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)