Treinen ride allegear wer

De fertraging by de treinen yn Fryslân is foarby. Tiisdeitemoarn ferliet in diel fan it Arrivapersoniel de trein om by in CAO-gearkomste wêze te kinnen. Gefolch wie dat der gjin sneltreinen rieden tusken Ljouwert en Grins en dat der minder treinen rieden op de spoaren nei Harns en Starum. Omdat de útfal net oankundige wie soarge dat foar oerlêst foar reizgers.
Om in oere as twa rieden alle treinen wer neffens de tsjinstregeling.