Hûn byt skiep dea by Harns

28 jun 2011 - 14:13

Op de seedyk by Harns is moandeitejûn in skiep deabiten troch in hûn. De 27-jierrige eigner fan de hûn hie it bist loslitten op de Westerseedyk. De hûn draafde op de skiep ta en foel ien fan de bisten oan.

De fee-arts konstatearre dat it skiep in stikkene kaak hie. It bist moast dêrom ôfmakke wurde. De eigner fan de hûn hat in bekeuring krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)