Minder treinen yn Fryslân

28 jun 2011 - 12:15

Op trije trajekten fan Arriva ride op it stuit minder treinen. It giet om de sneltrein Ljouwert-Grins. Op it trajekt Ljouwert-Harns rydt de trein mar ien kear yn de oere en tusken Ljouwert en Starum ride ek minder treinen. De meiwurkers dy't de trein ride moatte sitte by in wurkoerlis.

Dat is belein troch de meiwurkers om te praten oer de nije CAO. De âlde is al op 1 jannewaris ôfrûn. Ferline wike moandei hat Arriva in einbod dellein, mar it fakbûn is dêr net tefreden oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)