Mear lêzers Frysk Deiblêd

28 jun 2011 - 11:14

It Frysk Deiblêd hat der sûnt 1 jannewaris fan dit jier 400 abonnees by krigen. By de Ljouwerter Krante bleau it tal abonnees sawat gelyk. It deiblêd sit no op 13.785 abonnees, by de LC is dat goed 84.000.

Yn ferliking mei in jier lyn is de betelle oplage fan beide kranten wol minder wurden. De sifers binne bekend makke troch it HOI, it ynstitút dat him dwaande hâldt mei it byhâlden fan de oplagesifers fan de deiblêden yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)