Ravaazje op Flylân

28 jun 2011 - 10:52

De plysje siket de dieders fan fernielings, dit wykein op Flylân. Op in tal plakken op it eilân waarden balstiennen op 'e dyk smiten. Ek waarden blombakken fernield en waard in tal fytsen stellen. In diel dêrfan is yntusken weromfûn.

De fernielings wiene yn de nacht fan sneon op snein. De plysje siket no minsken dy't mear witte oer de dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)