Man yn Drachten slein mei stôk
De plysje docht ûndersyk nei in swiere mishanneling yn Drachten.
In 19-jierrige ynwenner fan dat plak waard moandeitemiddei op De Stal troch twa foar him ûnbekende manlju ynelkoar slein. Dêrby brûkten se ûnder oare in stôk. De man wist úteinlik fuort te kommen. Hy rûn ferwûnings oan de holle op.