Webside foar lege winkels

De gemeente Ljouwert lansearret kommende tongersdei in nije webside. Dêr steane alle winkelgebouwen yn de binnenstêd op dy't te hier of te keap stean. De webside is opsetten yn gearwurking mei de makelers yn Ljouwert.
Op de webside stean ek de regelingen dy't de gemeente hat foar ûndernimmers yn de binnenstêd. It giet dan bygelyks om regelingen foar ûndernimmers dy't de boppeferdjipping fan har saak geskikt meitsje wolle foar bewenning.