Ferwûnen by ûngelok Boyl

27 jun 2011 - 21:50

By in ûngelok op de Oostvierdeparten by Boyl binne moandei oan de ein fan de middei trije ynsittenden fan in auto ferwûne rekke. De auto rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en botste tsjin in beam.

De brânwacht hat de minsken út de auto helle. De slachtoffers binne nei ferskate sikehuzen brocht. De traumahelikopter is ek ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)