'Tryater regionaal selskip'

27 jun 2011 - 20:00

Steatssiktaris Halbe Zylstra sjocht gjin needsaak om Tryater yn de basisynfrastruktuer op te nimmen. VVD, PvdA, CDA en PVV fregen dêr moandei om.

Tryater spilet net yn hiel Nederlân en is dêrmei eins in regionaal selskip, seit Zylstra. It Europeesk hânfest foar regionale en minderheidstalen is foar Zylstra ek gjin argumint om Tryater yn de basisynfrastruktuer op te nimmen. De Twadde Keamer nimt tongersdei in beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)