Vuelta wolkom ûnder betingst

Yn 2009 wie de start ek yn Nederlân
It fytsspektakel Vuelta is allinnich wolkom yn Fryslân as it ek op televyzje komt. Dat seit direkteur Van Gessel fan Fryslân Marketing. Der binne plannen om yn 2015 in etappe fan de Ronde van Spanje yn Fryslân te hâlden. Van Gessel fynt it wol in goed idee, mar sûnder bylden op de televyzje sil it neffens him foar Fryslân neat opsmite.
De etappe soe neffens him de rûte fan de Alvestêdefytstocht folgje kinne.