Sibon wer nei SC Hearrenfean

Gerald Sibon wer yn it pompeblêdeshirt
Gerald Sibon makket syn tredde rentree by SC Hearrenfean. Yn de perioade fan 2002 - 2004 en fan 2007 - 2010 wie hy ek al yn tsjinst fan de klup. Sibon tekenet in kontrakt foar ien jier.
Hearrenfean sjocht foar Sibon foaral in rol as pinchhitter achter earste spits Bas Dost. Boppedat sil Sibon him dwaande hâlde mei it trainen fan de oanfalsliny. Ferline seizoen spile Gerald Sibon by it Australyske Melbourne Heart.