Heger berop moardsaak Ooms

Marinus Ooms
It gerjochtshôf yn Ljouwert lûkt trije dagen út foar it heger berop yn de moardsaak 'Ooms'. Marinus Ooms fan Haulerwyk waard yn oktober 2006 dea fûn yn de sliepkeamer fan syn wenning. Hy is troch geweld om it libben brocht.
Yn de saak binne trije fertochten. Earder binne sy feroardield ta gefangenisstraffen fan 10, 15 en 18 jier. Yn it heger berop wurde de saken no tagelyk behannele. Woansdei, tongersdei en freed fynt dit plak.