'Peuleschil': kimen út hannel

27 jun 2011 - 12:38

Kymgrientekweker De Peuleschil fan De Rottefalle hat syn fenegryk-kimen út de hannel helle. Dat docht it bedriuw yn reaksje op it advys fan it ministearje fan folkssûnens om kimen fan fenegryk, rucola en moster net mear te iten. Yn it Frânske Bordeaux binne minsken siik wurden nei it iten fan sokke kimen, nei alle gedachten troch de Ehec-baktearje.

De Peuleschil is it iennichste Nederlânske bedriuw dat fenegrykkimen produsearret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)