Djoerste do wurdt 'dekhynst'

27 jun 2011 - 12:24

Simson, de djoerste Fryske do, is ferkocht nei België. Eigner Kor van der Ploeg krige de do 24 jier lyn op syn jierdei fan de heit fan de keaper. De Belgyske dowemelkers helje dus har 'âlde bloed' werom. Se hawwe der 50.000 euro foar betelle.

De famylje Norman út Knokke hopet dat de kampioensdoffert as 'dekhynst' foar in soad nije kampioenen soargje sil. Meielkoar geane 30 dowen fan Van der Ploeg nei Knokke. Van der Ploeg wol syn hobby ôfbouwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)