Frou moat auto ynleverje

27 jun 2011 - 12:04

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei yn Makkum de auto fan in Poalske frou yn beslach nommen. Se stie mei har auto oan de Suderseewei. Ut it plysjesysteem waard dúdlik dat de frou noch in boete betelje moast. Dy koe se net betelje en de frou is dêrom meinommen nei it buro.

Har auto is foar fjouwer wike yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)