Aksje Tryater yn Den Haach

27 jun 2011 - 10:38
  • Op nei Den Haach (foto: Omrop Fryslân, Oetze Deelstra)
  • It protest op it Malieveld (foto Tryater)

Twa bussen mei akteurs, muzikanten en oare meiwurkers fan Tryater binne moandei om 10 oere rjochting Den Haach gien. De organisaasje hie eins wol wat mear animo ferwachte. Op it Malieveld sille se protestearje tsjin de besunigings op kultuer.

De aksje is organissearre troch FNV Kiem. De Twadde Keamer praat om 15.30 oere oer de kultuernota. Ek as Tryater troch de moasje fan VVD, CDA en PVV strukturele rykssubsydzje behâldt, moat it selskip dochs flink besunigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)