Man riidt troch nei oanriding

27 jun 2011 - 10:06

De plysje hat sneintejûn in 43-jierrige Ljouwerter oanholden, omdat er trochriden wie nei in oanriding. Dat wie op de Pieter Stuyvessantweg yn syn wenplak. Omdat ien it kenteken fan syn auto opskreaun hie, koe de man al gau oppakt wurde.

Op it plysjeburo die bliken dat er tefolle dronken hie, wêrnei't syn rydbewiis ynnommen waard. De Ljouwerter hat ek in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)