Friezen pakt foar minskehannel

De plysje hat twa Friezen oppakt yn ferbân mei minskehannel. It giet om in 30-jierrige Ljouwerter en in 24-jierrige Snitser. De twa hawwe in eskortburo op It Hearrenfean en binne mooglik ferantwurdlik foar twongen prostitúsje fan trije famkes út Bulgarije. Dat diene se mei twa manlju út Bulgarije. Dy binne earder al oanhâlden troch de plysje.
Sy hellen de famkes út Bulgarije en brochten se ûnder by it eskortburo. Dy sette se oan it wurk yn de prostitúsje.