Slaanderij op Flylân
In 28-jierrige Amsterdammer is yn de nacht fan snein op moandei oanholden op Flylân. Yn in hotel oan de Badwei hie de man spul krigen mei in 27-jierrige stedsgenoat. Oer en wer waard slein.
Doe't de saak út de hân rûn, waard de plysje warskôge. De fertochte moast mei nei it buro. Dêr krige er in boete fan 180 euro. It slachtoffer hie meardere ferwûnings. Hy woe gjin oanjefte dwaan.