Dochs fytstochten Alve Marren

27 jun 2011 - 07:36

De fytstochten yn it ramt fan it Alve Marren Evenemint gean sneon 2 july toch troch. It bestjoer hie earder besletten alle aktiviteiten behalve it hurdrinnen te skrassen. It evenemint wie hielendal om de stoomtrein tusken Snits en Starum hinne boud. Omdat dy pas yn 2012 ride sil, foel de basis ûnder it Alve Marren Evenemint fuort.

Fytsclub RTC Rally fan Snits nimt de organisaasje fan de fytstochten foar syn rekken. Der binne tochten fan 30, 70 en 130 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)