Moasje foar behâld Tryater

27 jun 2011 - 06:37

De keamerfraksjes fan VVD, CDA en PVV wolle dat it Fryske toanielselskip Tryater bestean bliuwt. Sy tsjinje hjir moandei yn de Twadde Keamer in moasje oer yn. De partijen wolle dat Tryater bliuwt, omdat it yn de twadde rykstaal spilet. Ek fine se it wichtich dat ek bûten de Rânestêd toaniel makke wurdt. Tryater moat wol rekken hâlde mei minder jild as de lêste jierren.

Steatssekretaris Zijlstra sil moandei reagearje op de moasje fan de partijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)