PVV: Fryslân moat Oerol stypje

26 jun 2011 - 17:47

De steatefraksje fan de PVV fynt dat de provinsje Fryslân it Oerolfestival op Skylge finansjeel stypje moat as de rykssubsydzje oan it festival fuortfalt. Neffens de PVV is Oerol tige wichtich foar de ekonomy fan Skylge. 'De provinsje stekt in soad jild yn it befoarderjen fan toerisme. Dan kinne je in festival dat safolle minsken lûkt ek wol stypje', seit Jelle Hiemstra fan de PVV Fryslân.

De Twadde Keamer praat moandei oer de besunigings op kultuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)