Ferkear kin wer oer Ofslútdyk

It is Rykswettersteat sneintemiddei om healwei seizen hinne slagge om de brêge by Koarnwertersân wer te sluten. De brêge woe twa oeren lang net ticht fanwege de waarmte. Hjirtroch stie by Koarnwertersân oan de Hollânske kant in file fan tsien kilometer, dy't net fierder koe.
Fanwege de problemen mei de waarmte hâldt Rykswettersteat de brêge foarearst ticht. Dat betsjut dat it skipfeartferkear de brêge foarearst net mear passeare kin.