Iedema wint triatlon Stiens

Menno Iedema
Triatleet Menno Iedema fan Drachten is sneon yn Stiens Noard-Nederlânsk kampioen triatlon wurden. Mei in tiid fan 1:58:30 wie hy rom in minút rapper as Henk-Jan Dolsma út Grins. De Ljouwerter Stefan van de Pal waard tredde.
By de froulju wie de Grinzer Jenneke Deelstra de rapste, yn in tiid fan 2:21:27, foar Geke Venema út Easterlittens en Silvia Brouwer fan Aldskoat.